Lokaasjes

In bysûndere foarstelling op 8 unike lokaasjes. Kom op de fyts of mei de auto of stap yn Ljouwert op de gratis Cees Bijlsra Trein.

De reis begjint op it stasjon fan Ljouwert. Foardat jo yn de Cees Bijlstra trein stappe wurde jo op it perron trakteard op de bydragen fan ien of mear artysten dy ‘t meidogge oan de singer-songwriter contest om de Cees Bijlstra Award. Beskikber steld troch Omrop Fryslân. Dan bringt Arriva jo gratis fan stasjon Ljouwert nei de spyllokaasje oan it spoar. Fansels wurde jo nei de foarstelling ek wer werom brocht. Ûnderweis kinne jo genietsje fan Fryslân op syn moaist yn de maitiid.

Gratis mei de Arriva trein

Wenje jo tichteby in spyllokkaasje? Dan hoege jo fansels net perfoarst de trein út Ljouwert te nimmen. Jo komme dan gewoan nei de spyllokaasje fan jo kar. Dat jildt fansels ek foar de foarstellingen yn ‘De Gearkomst’ yn Ljussens. Der komt ommers gjin trein mear op stasjon Moarra- Ljussens sûnt it ferneamde Dockumer Lokaaltsje opdoekt is. Mar diskear nimme Leny en Hiske jo ek hjir mei yn de tinkbyldige Arriva trein lykas op alle oare plakken wêrt de foarstelling spilet. Hjir fertelle en sjonge Leny en Hiske in meinimmend reisferhaal. De treinreis blykt al gau in metafoar te wezen foar in reis troch it libben. En wêr bringt de reis ús hinne? Stap op en jo sille it beleve. Yn alle fasetten, kleuren, klanken en talen. Binammen de taal fan it hert!

Besjoch treintiden

Foarstelling lokaasjes

Hoe 't wy altyd ûnderweis binne. Mar wêrhinne?

Bestel jo tickets

Mei mooglik makke troch: