Leny Dijkstra en Hiske Oosterwijk fertelle en sjonge op muzyk fan Cees Bijlstra hoe ’t wy altyd mar ûnderweis binne. Mar werhinne?
In teaterprogramma mei in meislepend ferhaal en prachtige lieten. Spitigernôch is Cees fierste betiid ferstoarn. Mar wat bliuwt is syn muzyk. Fan films lykas ‘Nynke’, ‘De fjoertoer’ en ‘De dream’ fan Pieter Verhoef. Symfoanysk wurk as ‘Foar nei de stilte’ en fansels in grut tal lieten. Yn ‘Taal op it spoar’ op teksten fan Leo Dijkstra, mei in bydrage fan Baukje Wytsma. In snoer fan pearels dy ‘t meast troch Leny Dijkstra útfierd waarden yn teater en foar radio en tv.
Mei dit rike ferline yn har koffer nimt Leny ús mei op reis yn de Cees Bijlstra trein fan Arriva. Mei har muzikale begelieders Addy Scheele (piano, gitaar) en Anke Piersma (fluit, akkordeon, toetsen). Yn de trein moetet Leny har reisgenoat Hiske Oosterwijk. In geweldige ferrassing. Foar har en foar it publyk!
Hiske Oosterwijk (Ljouwert, 1989) is opgroeid yn Mantgum. Se wennet no yn Grins. Mar faak thús is se net. Nei VWO en VAVO studearret se sûnt 2008 muzyk en sang yn Grins. Se liet al fan har hearre by tsientallen konserten yn it bar/club sirkwy en op festivals yn Nederlân. Mar ek oer de grins. Se hat toers makke yn Ruslân, Italië, Brasilië, Letlân, Dútsklân en troch Asië.
Hiske sjongt en spilet toetsen. Mar se skriuwt ek muzyk en teksten.
Se wurke mei oan in 6-tal albums’. Meast yn it Ingelsk mar ek yn it Frânsk: ‘Embrasser, vivre, aimer’. En wol sa goed dat se winnares
wie fan it Concours de la Chanson Alliance Française 2017.
Yn ‘Taal op it spoar’ hearre wy dit ynternasjonale talint ek ris yn har memmetaal!
Kabaretiêre, aktrise, freelance meiwurker by Omrop Fryslân radio en tv. Sit al 55 jier mei alle nocht yn it fak.
Troud mei Leo Dijkstra. Twa bern en fjouwer beppesizzers.
Anke Piersma (Hemelumer Oldefert, 1960) spilet fluit(en), akkordeon en toetsen yn ‘Taal op it spoar’. Anke is yn 1986 ôfstudearre op dwersfluit oan it Grinser konservatoarium, wêr ‘t sy ek 4 jier as haadfak piano studearre. Har earste teater ûnderfining krige se op toernee mei Leny Dijkstra en Addy Scheele. Yn 1989 -1990 spile sy yn de musical ‘Mata Hari’ fluit, akkordeon en toetsen. Dêrnei hat sy altyd musicals begeliede. Mei as útstapke in toernee mei Robert Long yn syn teaterprogramma ‘Nu’, 1995 – 1997. Hjir in hânfol mei de neffens harsels ‘leukste’ musicals dêr ‘t se yn meispile: Tsjechov (1991 en 1999), Sweeny Todd (93/94), West Side Story (1997), Mama Mia (2004 / 05).
Addy Scheele is pianist / begelieder fan ‘Taal op it spoar’, argivearre en behoffene de muzyk fan Cees Bijlstra, makke de arranzjeminten en levere inkelde nije komposysjes. Addy is pianist, komponist, arranzjeur en pianodosint. Hy studearre klassike piano by Rob van Deinse oan it Grinser konservatoarium. Tidens syn muzykstúdzje foarme hy syn earste groepen yn de Grinser jazz scene. Yn 1978 helle hy in finaleplak op it Larense Jazzconcours mei in eigen komposysje, útfierd mei it septet ‘Tune-Up’. Dêrnei wurke hy lange jierren as pianist/komponist yn it teater, mei û.o. Rients Gratama en Leny Dijkstra. Hy skreau en produsearre muzyk foar talrike audiovisuele produksjes en wie as arranzjeur en studiomuzikant aktyf by in protte omrop- en plateproduksjes. Yn 1985 Krige hy in Edison-nominaasje foar in LP mei Marjol Flore. Hy hat in alsidige ûnderfining as begelieder fan fokalisten.
Foto: Leonie Kuizenga
Bart Kingma (Wommels, 1970) is regisseur fan ‘Taal op it spoar’. Mar ek in geweldige help yn meitinken en – skriuwen en binammen in animator fol spirit.
Bart wurket as programmamakker by Omrop Fryslân, dêr’t er ûnder oaren foar skoaltv wurket en foar FryslânDok dramaproduksjes en dokumentêres makket.
Njonken syn omropwurk is er aktyf as skriuwer en regisseur. Hy skreau ûnder oaren de roman ‘Griene Simmer’, stie oan de basis fan de cd/dvd en teaterproduksje fan Fryske artysten dy ‘t muzyk fan Leonard Cohen bewurken, makke de rockopera ‘Swart Langstme’ mei ‘Mariusz en de Muzikanten’, regissearret út en troch.
Teatermakker en tekstskriuwer foar reklame, kabaret, sjongers, toaniel, Omrop Fryslân. Hâldt fan (Fryske) Kultuer en fan Frije Fûgels.
Troud mei en hofleveransier fan Leny Dijkstra – de Vries.
Twa bern en fjouwer pakesizzers.
Yn Fryslân rydt sûnt 2007 in Arriva trein mei de namme Cees Bijlstra.
Cees Bijlstra? Wa wie dat Cees Bijlstra? En wat hat hy foar Fryslân betsjutten?
Wêrom ferjitte wy sa gau? ‘Ast hjir net mear bist, bliuwt der gjin kroade om stil stean’, sitearde Cees faak myn heit Tetman.
Cees is te betiid ferstoarn. Mar hy hat in soad kreatyf wurk neilitten. Wurk dat
by syn widdow yn it argyf kreas opburgen is. In skat oan muzyk en lieten dy ‘t steane op platen en cd ‘s en rêste yn argiven. En libje yn myn holle…
Cees wie unyk en autentyk. In persoanlikheit mei in grutte en frije geast.
Tidens in opname foar de skoaltv fan Omrop Fryslân by it tsjerkje fan Jannum skôge hy oer de grêfstiennen en sei tsjin my: ‘Dit is ús foarlân Leny, wy binne langer dea as libben’. Wy wiene beide noch gjin fjirtich en ik tocht: ‘Wêr hat er it oer?’.
Dat wit ik no. Wat in freugde om syn muzyk en lieten wer klinke te litten yn
dit programma.
Leny Dijkstra – de Vries
Mear oer Cees