Cees komt net wer. Mar syn muzyk is der noch! Tiid om dy wer ta libben te bringen. ‘Taal op it spoar’ is in oanset dêrta.
Cees Bijlstra is berne yn 1946 yn Sniksweach en groeide op op ‘e Jouwer. As jonkje siet hy al op pianoles en wie muzyk al syn grutte hobby. Hy leart foar ûnderwizer, mar spilet ek yn bandsjes en orkestjes, lykas ‘The Maryland Combo’ (sjoch foto, 2e fan links). Troch al dat optreden is hy moandeitemoarns net by de les, mar hy hellet wol syn diploma. Mar Cees sil noait ûnderwizer wurde, fia in staazje komt hy op de legere skoalle yn Terherne by master Roel Bergsma. Dizze freget him al gau foar it Ûnderwizerskabaret. Yn in ynterview yn ‘e krante blykt dan al syn eigensinnige karakter: ‘Ik wol yn de jazz. Mar dat kin hjir yn Fryslân net’ en ‘Ik wol net allinne komponearje wat de minsken wolle, it moat nivo hawwe’.
Syn grutte kâns kaam yn 1970. Rients Gratama freget him as kombo-lieder. Hy bliuwt dat oant 1978. Hy hat syn nocht. ‘We sitte langer yn de auto as op it toaniel’, seit er. Yn 1981 wurdt Cees programmamakker/regisseur by Omrop Fryslân. Earst by de skoalleradio, letter ek by de skoaltelevyzje. Hy filmt, regisseart, komponeart en monteart ferskate programma ‘s en dokumintêres. Hy bloeit op, komponeart bernelietsjes en alle programmatunes.
Yn de jierren 80 is hy komponist/pianist fan it ‘Liet fan de wike’, elke wike op teksten fan Leo troch Leny songen yn it programma fan Eelke Lok: ‘It Wapen fan Fryslân’. Hy skriuwt muzyk foar Duende fan Grietine Molenbuur en foar de artistike lieders Thom van der Goot en Guido Wevers fan Tryater. Syn grutste passy is miskien wol it skriuwen fan de muzyk by alle films fan Pieter Verhoeff.
Yn 2002 wurdt hy hjirfoar yn it sintsje set by de Nederlandse Filmdagen yn Utert. Syn filmmuzyk wurdt spile troch it Nederlands Promenade Orkest û.l.f. Jurre Haanstra. By it 50-jierrich bestean fan it iepenloftspul fan Jorwert yn 2003 komponeart hy it prachtige ‘Foar nei de stilte’ mei in liet fan Baukje Wytsma songen troch Sanne Hoeksma. En troch alle jierren hinne skriuwt hy muzyk op bestelling foar Roel Slofstra, Douwe Heeringa, Inez Timmer, Maaike Schuurmans, Piter Wilkens, Leny Dijkstra, Omrop Fryslân, it Skoalleradio Koar ensfh.
Hy wie hiel produktyf en tagelyk in grut perfeksjonist. Krekt dat iene akkoard, dêr koe er soms oeren op stinne. Syn artistisiteit en kreativiteit stiene gjin kompromissen ta. Ien fan syn útspraken wie dan ek: ‘Oer smaak falt wól te twisten’.
14 jier nei syn te betide en ûnferwachte dea, wit in lytse groep minsken noch fan him. En misse him. En der rydt in trein fan Arriva troch it Fryske lân mei syn namme der op!
Cees komt net wer. Mar syn muzyk is der noch! Tiid om dy wer ta libben te bringen. ‘Taal op it spoar’ is in oanset dêrta.