Leny Dijkstra & Hiske Oosterwijk op herhelling!
Nei in suksestoernee yn it ramt fan LF2018 spylje sy dizze hjerst sân ekstra foarstellingen. Begeliede troch Addy Scheele oan de piano en Anke Piersma op fluit en akkordeon.
Mei Leny Dijkstra en Hiske Oosterwijk.
In teaterprogramma fol fermaaklike ferhalen en prachtige lieten op muzyk fan Cees Bijlstra, neffens ús de bêste komponist fan Fryslân. Spitigernôch is Cees fierste betiid ferstoarn. Mar wat bliuwt is syn muzyk. Fan films lykas ‘Nynke’, ‘De fjoertoer’ en ‘De dream’ fan Pieter Verhoef. Symfoanysk wurk as ‘Foar nei de stilte’ en fansels in grut tal lieten. Yn ‘Taal op it spoar’ op teksten fan Leo Dijkstra mei in bydrage fan Baukje Wytsma. In snoer fan pearels dy ‘t meast troch Leny Dijkstra útfierd waarden yn teater en foar radio en tv.
Mei dit rike ferline yn har koffer nimt Leny ús mei op reis yn de Cees Bijlstra trein fan Arriva. Mei har muzikale begelieders Addy Scheele (piano, gitaar) en Anke Piersma (fluit, akkordeon, toetsen). Yn de trein moetet Leny har reisgenoat Hiske Oosterwijk. In geweldige ferrassing. Foar har en foar it publyk!
Der binne spitigernôch gjin foarstellingen fûn
Yn Fryslân rydt sûnt 2007 in Arriva trein mei de namme Cees Bijlstra.
Cees Bijlstra? Wa wie dat Cees Bijlstra? En wat hat hy foar Fryslân betsjutten?
Wêrom ferjitte wy sa gau? ‘Ast hjir net mear bist, bliuwt der gjin kroade om stil stean’, sitearde Cees faak myn heit Tetman.
Cees is te betiid ferstoarn. Mar hy hat in soad kreatyf wurk neilitten. Wurk dat
by syn widdow yn it argyf kreas opburgen is. In skat oan muzyk en lieten dy ‘t steane op platen en cd ‘s en rêste yn argiven. En libje yn myn holle…
Cees wie unyk en autentyk. In persoanlikheit mei in grutte en frije geast.
Tidens in opname foar de skoaltv fan Omrop Fryslân by it tsjerkje fan Jannum skôge hy oer de grêfstiennen en sei tsjin my: ‘Dit is ús foarlân Leny, wy binne langer dea as libben’. Wy wiene beide noch gjin fjirtich en ik tocht: ‘Wêr hat er it oer?’.
Dat wit ik no. Wat in freugde om syn muzyk en lieten wer klinke te litten yn
dit programma.
Leny Dijkstra – de Vries
Mear oer Cees